Moaiste Friiske wurd socht

De ôfdieling Sprache und Literatur fan it Nordfriisk Instituut yn Braist (Dútslân) ropt alle Noardfriezen op om mei it moaiste Noardfryske wurd fan 2009 te kommen. Moai kin in soad betsjutte, mar it kin ek in wurd wêze dat moai klinkt, of dat moaie werinnerings of tinzen opropt.
It kin ek in wurd wêze dat dreech oer te setten is yn it oare taal. De binne ferskate prizen: weardebonnen foar Noardfryske boeken of in Ynterfryske leksikon. De eindatum is 31 augustus.