Jonge fan fyts ôf slein
In 17-jierrige ynwenner fan Boksum is sneontenacht troch twa ûnbekende jongens fan de fyts ôf slein. De Boksumer fytste oer de Hendrik Algrawei yn Ljouwert doe't er samar oanfallen waard.
Hy foel yn de sleat en rekke út de tiid. Op eigen krêft is de jonge letter nei hûs ta fytst. Dêr hat er de plysje warskôge. Fan de dieders ûntbrekt elk spoar.