Jirnsum: 70.000 euro foar ALS

© Omrop Fryslân
De aksje om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei de spier- en senuwsykte ALS yn Jirnsum hat 70.000 euro opbrocht. Dat is 25.000 mear as yn 2008. Der wie û.o. in fytstocht.
Fierder wie der feiling en in beachvolleytoernoai. Regionale artiesten treden belangeleas op. Op it hichtepunt wiene der ûngefear 500 besikers. De aksje yn Jirnsum is opsetten troch Ronald de Haan en in oantal freonen. Ronald de Haan hat sels de spiersykte ALS.