Boalsert wint NK keatsen

20 jun 2009 - 18:06

De froulju fan Boalsert binne sneon yn Sint Jabik Nederlânsk kampioen keatsen wurden. Yn de finale wie it Boalserter trio mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Dronryp.

De lytse preemjes wienen foar de partoeren fan Ie en Holwert. Benammen de heale finale tusken Ie en Dronryp wie tige spannend. Pas op 5-5 en 6-6 gie de winst nei Dronryp. It is foar de tredde kear yn de histoarje dat Boalsert Nederlânsk kampioen by de froulju waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)