FK blubbering yn Tytsjerk

20 jun 2009 - 16:23
  • In soad blabze yn Tytsjerk

Yn Tytsjerk is sneon it earste iepen Frysk kampioenskip blubbering holden. Yn ferskate kategoryen moasten de dielnimmers in hûndert meter lang parkoers ôflizze.

Foaral de 50 meter lange bak mei blubber easke nochal wat fan'e ferboude auto's. Nei elke rûnde waard de bak djipper makke en folle mei mear drek. 57 dielnimmers ha meidien oan'e blubberrace. Mear as tûzen besikers kamen op it evenemint ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)