Ketellapper snoeit sels hage

20 jun 2009 - 14:28

Garaazjehâlder Reitze Ketellapper fan Koarnjum is úteinset mei it yllegaal snoeien fan de hage oan it krúspunt yn de provinsjale dyk foar syn bedriuw. De hage is op guon plakken twa meter heech. Neffens Ketellapper ha der de ôfrûne wiken tal fan ûngemakken west.

Hy hat al ferskate kearen mei de provinsje belle oft de hage snoeid wurde kin. Dy jout neffens Ketellapper net thús. It bedriuw fan Ketelapper stiet ek oan de dyk en is troch de hage hast net sichtber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)