Dieven oanholden yn Ljouwert
De plysje fan Ljouwert hat freedtejûn twa manlju fan 18 jier oanhâlden. Yn harren auto fûn de plysje stellen merkklean. It giet om in Ljouwerter en in ynwenner fan Goutum.
Se waarden by in rûtinekontrôle lâns de Hoekemastrjitte oan de kant set. De manlju sitte noch fêst. Se wurde fertocht fan stellerij en helen.