Oanriding yn Drachten
In 25-jierrige fytser út Drachten is freed ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. De man stuts ûnferwachts de Suderhegewei oer. In 65-jierrige automobilist út Bûtenpost koe him net ûntwike.
De Drachtster hie lêst fan it ankel en is mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.