Proef enerzjysunige huzen

20 jun 2009 - 13:09

Huzen yn Ljouwert dy't opknapt wurde, moatte troch de eigners ek fuortdaliks enerzjysunich makke wurde. Dat wol de gemeente Ljouwert. Dy is yn it gebiet om it Fliet hinne mei in proef begûn.

By tsien huzen wurdt besjoen oft it opknappen fan wennings kombinearre wurde kine mei enerzjybesparring. De gemeente hat der it hûs op syn meast 10.000 euro foar oer. Ljouwert wol besykje alle húseigners safier te krijen dat se by it opknappen fan har hûs it ek enerzjysunich meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)