'Eigen ferkiezings Wetterskip'

20 jun 2009 - 13:04

It wetterskip fertsjinnet eigen ferkiezings. Dat fynt dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân. It is in orgaan dat 110 miljoen euro oan belestingjild binnenhellet en dêr moat de boarger kontrôle oer ha, sa seit de dykgraaf.

Steatssekretaris Tineke Huizinga fan Ferkear en Wettersteat wol besjen hoe't se de ferkiezings demokratysker meitsje kin. De opkomst is te leech en dêr moat feroaring yn komme. Neffens Van Erkelens falt dat wol wat ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)