Fear foar berne-iepenloftspul
It berne-iepenloftspul yn Easterwierrum hat freedtejûn de Fear fan de Rie fan de Fryske Beweging krigen. Neffens de rie leveret it berne-iepenloftspul in wichtige bydrage oan it behâld en ûntwikkeljen fan de Fryske taal en kultuer.
It evenemint wurdt al njoggentjin jier organisearre. Foar it bestjoer is it dan ek in moaie opstekker.