Bouplan Cambuur klear

19 jun 2009 - 18:11

Cambuur hat by de gemeente Ljouwert plannen yntsjinne foar de bou fan in nij stadion. Dat moat komme achter it WTC-Expo, op it plak fan it eardere fabryk fan Philips. Yn it stadion is plak foar op syn meast 16.000 minsken. It kin útwreide wurde nei 20.000. De bou kostet rom tritich miljoen euro.

De gemeente hat yn in earste reaksje witte litten posityf te wêzen oer de plannen, mar noch wol de nedige fragen te hawwen. It giet dan ûnder oare oer de feiligens yn it stadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)