'Wetterpeil Iselmar net heger'

19 jun 2009 - 16:42

It wetterpeil fan de Iselmar moat net mei oardel meter ferhege wurde. Dat sizze ûndernimmers en bestjoerders yn it gebiet. Se fine dat it oerskot oan wetter fuortpompt wurde moat yn 'e Waadsee. Se ha dat freed sein tsjin de Twadde-Keamerleden.

De Deltakommisje kaam mei it plan om wetter yn de Iselmar op te fangen. Dan moatte diken ophege wurde en ferdwine huzen om de mar hinne. De politisy harken nei foar- en tsjinstanners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)