Boontjes yn 2011 útdjippe

Yn 2011 wurdt fargeul de Boontjes op djipte brocht. Yn it wetter tusken Harns en Koarnwertersân leit in sânbank. By leech wetter kinne de binnenfeartskippen der net goed lâns. De haven fan Harns hat der lêst fan want it stiet groei yn it paad.
Nei jierren praten is freed ôfpraat dat de Boontjes útdjippe wurdt. It ministearje fan ferkear en wettersteat en de provinsje ha dat fêstlein. De haven ferwachtet in groei fan 20 prosint as de fargeul útdjippe is.