Eilanners wolle heard wurde

19 jun 2009 - 15:58

De bewenners fan de waadeilannen steane foar in grut part bûtenspul yn de diskusje oer de driigjende klimaatferoaring. It heger wurdende seewetterpeil hat gefolgen foar de eilannen. In grut part fan de bebouwing soe ûnder wetter komme te stean. De eilanners wurde yn de diskusjes yn Den Haach oer oplossingen te min heard.

Minsken fan de keamerkommisje Ferkear en Wettersteat wiene freed yn Harns en op Flylân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)