Sjen yn de wettertoer Boalsert

19 jun 2009 - 12:15

De wettertoer fan Boalsert is freed iepen foar belangstellenden. Eigner Vitens wol fan de toer ôf en sette him te keap.

De toer is 37 meter heech, sit fol mei beton en liedingen en moat foar tonnen opknapt wurde. Dochs wie der genôch animo fan potinsjele keapers om de toer fan binnen te besjen. Ek wie it de kâns foar oare nijsgjirrige Boalserters om ris binnenyn it opfallende objekt te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)