Mear stipe foar teater Dokkum

19 jun 2009 - 11:37
  • Ried jout ekstra stipe oan Dok 18

De gemeenteried fan Dongeradiel is akkoart mei ekstra stipe foar Theater Dok 18 yn Dokkum. Allinnich Algemien Belang Dongeradiel wie tsjin in rinteleaze liening fan goed trije ton mei in rintiid fan tweintich jier. Neffens dy partij is it ûnwis oft it teater de liening werombetelje kin.

Algemien Belang Dongeradiel sjocht mear yn in 'Theatertax'. Dat betsjut in ferheging fan it tagongskaartsje. De rinteleaze liening is bedoeld om de eksploitaasjelesten op te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)