ASR fan kontrakt Driuwpôlle ôf

Personiel ASR sil takom jier net mear yn De Driuwpôlle ite
Personiel fan ASR Verzekeringen yn Wâldsein kin takom jier yn de eigen kantine ite. It bedriuw makket no gebrûk fan de hoareka yn De Driuwpôlle.
De feroaring hat neffens ASR neat te krijen mei in mooglike sluting. It is folle effisjinter. It bestjoer fan multyfunksjoneel sintrum De Driuwpôlle is net bliid mei it opsizzen fan it kontrakt troch it eardere Woudsend Verzekeringen. In grut part fan de ynkomsten falt no fuort.