Alde stedspoarte yn Boalsert

19 jun 2009 - 10:38

Yn Boalsert binne nei alle gedachten resten fan de âlde stedspoarte fûn. De âlde Blaupoarte waard yn 1478 boud en yn 1830 sloopt. De âlde stiennen lizze flakby it sintrum, ûnder in krúspunt. Gemeentewurkers stjitten by it pleatsen fan in glêsbak op de âlde fundearing. Obe van der Meer waard nijsgjirrich en fûn yn de omwrotte grûn trije âlde stiennen.

De gemeente ûndersiket oft it yndie giet om de Blaupoarte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)