Referindum Fryske plaknammen

19 jun 2009 - 09:08

De bewenners fan Frjentsjerteradiel meie har yn in referindum útsprekke oer de ynfiering fan Fryske plaknammen yn de gemeente. De riedskommisje wie yn grutte mearderheid foar it foarstel fan de PvdA. De ried moat der noch oer beslute.

De PvdA die oardel jier lyn it foarstel foar de Fryske plaknammen. Mar der kaam in soad ferset tsjin. It idee is no om it referindum tagelyk te hâlden mei de gemeenteriedsferkiezings yn maart takom jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)