Kennissintrum foar hannel

Nij kennissintrum foar ynternasjonale hannel en eksport
Undernimmers yn Fryslân, Grinslân en Drinte kinne meikoarten better advys krije oer hannel yn it bûtenlân. De Keamer fan Keaphannel, it WTC Expo en de gemeente Ljouwert sette dêrfoar yn Ljouwert in nij kennissintrum op foar ynternasjonale hannel en eksport.
Tongersdei waard bekend dat de Keamer fan Keaphannel fanwege besunigings in part fan it wurk fan Ljouwert nei Grins ferhuzet.