'Mear omtinken foar natoer'

19 jun 2009 - 06:38

De gemeente Tytsjerksteradiel moat mear omtinken krije foar de natoer. Dat is it advys fan ûndersyksburo Altenburg en Wymenga oan de gemeente. It buro presintearre tongersdei in ekologysk ûntwikkelingsplan oan de gemeenteried.

Neffens de adviseurs hat de gemeente in unike posysje, omdat dêr trije soarten lânskippen te finen binne. It giet dan om it besletten lânskip fan de Wâlden, in iepen lânskip mei greide en in gebiet mei wetter en fean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)