Jeu-de-boule yn Ritsumasyl

18 jun 2009 - 21:22

Ritsumasyl wol in eigen Jeu-de-boule-baan oanlizze op it plak fan de eardere boarterstún. Dy boarterstún bestiet al rom trije jier net mear. Om't der ek gjin oare foarsjenningen binne yn it doarp is der sûnt doe eins ek gjin sintraal moetingsplak mear. De Jeu-de-boule-baan soe dy funksje no oernimme moatte.

De gemeente Menameradiel hat finansjele stipe tasein en as it goed is set de oanlis al dizze simmer útein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)