Op syk nei Friezen yn Amearika

18 jun 2009 - 16:03

De provinsje is op syk nei Amerikanen mei Fryske 'roots'. De lânferhuzers en har neiteam wurde útnoege om op 12 septimber nei de spesjale Friesland Day yn New York ta te kommen.

Dit jier wurdt de 400 jier âlde freonskipsbân tusken Nederlân en de Feriene Steaten betocht. Heal septimber is dan in Frysk festival, it New IsLand Festival, organisearre troch Joop Mulder fan Oerol. Amerikanen mei Fryske woartels kinne mei koarting nei it festival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)