Selstraf easke foar lilke boer

18 jun 2009 - 15:41

Tsjin in boer (62) út Koatstertille is tongersdei sân moanne selstraf easke, wêrfan seis ûnder betingst. Ek soe er 240 oeren wurkstraf dwaan moatte en soe er in AID-er en in bistedokter elk 500 euro skeafergoeding betelje moatte. De man wurdt poging ta deaslach ten lêste lein.

Yn april ried de boer mei in trekker op de meiwurkers fan de AID yn, doe't dy syn ferwaarloaze fee yn beslach nimme woene. De man hat al 34 dagen yn foararrest sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)