Djoere plysjeburo's bekend

18 jun 2009 - 12:23

De Fryske boargemasters hiene witte kinne dat de nijbou en ferbou fan plysjeburo's yn Fryslân folle djoerder útfalle soe. Mei dy konklúzje komt in kommisje ûnder lieding fan âld-minister Deetman.

Dy hat ûndersyk dien, neidat yn septimber ferline jier bliken die dat de bou-aktiviteiten oan plysjeburo's 69 miljoen djoerder útfoel as begrutte. Neffens de kommisje hiene de ekstra kosten helle wurde kinnen út de jierstikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)