Mulder opfolger fan Sinkgraven
Rick Mulder is de nije trainer fan it frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean. De 37-jierrige ûnderwizer is de opfolger fan Harry Sinkgraven, dy't takom seizoen yn Emmen oan de slach giet.
Mulder wie earder ûnder oaren trainer by de C- en B- jeugd fan FC Emmen. Ofrûne seizoen wie hy assistint trainer by de jeugdoplieding fan FC Grins.