Boatsjes Opfeart moatte fuort

© Omrop Fryslân
Eigners fan boatsjes yn de Jistrumer Opfeart moatte harren besit foar 15 augustus fuorthelje. De boatsjes lizze der yllegaal, mar de gemeente Tytsjerksteradiel stie dat ta. Dat de boaten no dochs fuort moatte hat te krijen mei it Wetterskip. Dat giet yn septimber mei de wâl oan de slach.
Dat wurdt in natuerlike wâl mei reidkragen. De gemeente hat de measte minsken sprutsen, mar ropt de lêste eigners no op om de boat fuort te heljen.