Tal wurksykjenden nimt wat ôf

18 jun 2009 - 10:23

It tal wurksykjenden dat ein maaie ynskreaun stie by it UWV-Werkbedrijf, it eardere CWI, nimt yn Noard-Nederlân wer yn hiel lyts bytsje ôf. It giet om in ferskil fan twahûndert minsken, dy't wer in baan fûn ha.

Meielkoar steane yn it noarden hast achtenfyftich tûzen wurkleazen yn de kaartebakken fan it UWV. Yn fergelyk mei in jier earder is it tal wurkleazen dat ynskreaun stiet by it UWV-Werkbedrijf yn Noard-Nederlân mei seistûzen tanaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)