Man bedrige mei wapen

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitejûn op it Stasjonsplein yn Ljouwert in ynwenner (37) fan Schiedam oppakt, omdat er in man mei in fjoerwapen bedrige hie. De man (56) fan It Hearrenfean wie yn it stasjonsgebou dwaande de loketten ôf te sluten, doe't de fertochte der oankaam.
De man woe de loketromte yn, mar dy wie al ticht. Dêrop liet er dúdlik witte dat er der yn woe. Hy pakte dêrnei in fjoerwapen en bedrige de man.