Beurtfear Balk komt werom

18 jun 2009 - 07:51

Alde tiden komme ta nij libben yn Gaasterlân. It beurtfear tusken Balk en Snits wurdt fan 28 juny ôf wer yn gebrûk naam. Arnold Hylkema út Balk hat in âld beurtskip opknapt. De salonboat krige de namme Gaasterland en is dêrmei ferneamd nei ien fan de lêste beurtfearen tusken Balk, Snits en Ljouwert.

It beurtfear fart tusken 28 juny en 15 july en fan 10 augustus oant en mei 19 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)