Pieter Weening moat better

Pieter Weening (argyffoto)
Hurdfytser Pieter Weening hat yn de fiifde etappe fan de Ronde fan Switserlân noch net genôch sjen litten. Weening waard yn de berchetappe wol de bêste Nederlanner: 43ste. Hy moast 1 minút en 51 sekonden tajaan op winner Michael Albasini.
Pieter Weening moat yn Switserlân sjen litte dat hy klear is foar de Ronde fan Frankryk begjin july. Ploechlieder Adri van Houwelingen is no noch net oertsjûge. "It is net min, mar ek net top", sei de ploechlieder nei ôfrin.