Saak relskopper oanhâlden

17 jun 2009 - 18:29

De saak tsjin in 27-jierrige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de Cambuurrellen is oanhâlden troch de plysjerjochter. De rjochter wol noch fjouwer plysjeminsken hearre dy't de man oppakten nei de wedstryd Cambuur-Roda. Der is ûndúdlikheid oer it tiidpaad wêryn de oanhâlding plakfûn. De man soe neffens de plysje de rellen organisearje. Hy soe de ME yn 'e gaten hâlde en telefoanysk kontakt ha mei oare relskoppers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)