Wachtsje mei Wiardabuorren

17 jun 2009 - 17:06
  • It kin noch wol even duorje foardat hjir boud wurdt

Ljouwert mei noch net begjinne mei de bou fan 150 wenten yn plangebiet Wiarda, in part fan de Súdlannen. Dat hat de Ried fan Steat yn Den Haach besletten nei oanlieding fan beswieren fan Miljeudefinsje en guon Goutumers.

In tal beswieren waard ôfwiisd, mar de beswiermakkers krigen gelyk yn it punt dat de bou ten koste giet fan de romte foar greidefûgels. De provinsje moat better dúdlik meitsje hoe't sy de greidefûgels in oar plak jaan wolle. Wethâlder Deinum tink dat dit slagget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)