Dúdlikens oer KvK Ljouwert

It kantoar fan 'e Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert stiet mooglik faai
De Keamer fan Keaphannel jout tongersdei dúdlikheid oer de takomst fan it kantoar yn Ljouwert. Twa jier lyn fusearre de Keamer fan Keaphannel yn Fryslân mei Grinslân en Drinte. Grins is sûnt dy tiid it haadkantoar.
Yn in parseberjocht seit de Keamer dat ynkomsten weromrinne troch de resesje. Derút hat de keamer konklúzjes lutsen. Wat dat betsjut foar it kantoar yn Ljouwert wol de foarljochter fan de Keamer fan Keaphannel lykwols noch net kwyt.