MCL hat goeie reputaasje

17 jun 2009 - 15:10

It MCL is twadde wurden yn de top 10 kwaliteitsbeleving fan sikehuzen ûnder omwenners. Dat docht bliken út de Ziekenhuis Reputatiemonitor, in grutskalich ûndersyk oer de reputaasje fan sikehuzen. It Ljouwerter sikehûs is wol it heechst notearre algemiene sikehús. It earste plak is foar it akademyske UMCG yn Grins.

It ûndersyk is hâlden ûnder minsken dy't yn in straal fan 20 kilometer om it sikehûs hinne wenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)