Natoerbehear yn Baarderadiel

Fryslân is wer in natoerferiening riker fan boeren dy't mei-inoar oan agrarysk natoerbehear dogge. Yn dit gefal giet it om de Koöperative Natoerferiening Baarderadiel dy't hjir 70 bunder foar ynbringt. Dy wurde kombinearre mei besteande natoergebieten fan Natuurmonuminten.
De mienskiplike soarch fan boeren en natoerorganisaasje giet benammen om de greidefûgels yn de Leonserpolder en omkriten. De natoerferiening waard woansdei oprjochte yn it doarp Leons.