LTO wol aksje foar glêstúnbou

17 jun 2009 - 12:29

De Twadde Keamer moat yn aksje komme foar de glêstúnbou. Dat wol de ôfdieling Glaskracht fan LTO Noord. De organisaasje hat de Keamer in brief stjoerd oer de nuodlike sitewaasje yn de glêstúnbou. Ut ûndersyk docht bliken dat 75 prosint fan de glêstúnbouwers net mear oan de betellingsferplichtings foldwaan kin.

De Twadde Keamer praat op 1 july mei de minister oer maatregels yn de takomst. LTO Noord pleitet foar maatregels op koarte termyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)