Farwei Boontjes wurdt útdjippe

17 jun 2009 - 10:56

Deputearre Piet Adema en steatssiktaris Tineke Huizinga fan ferkear tekenje freed de bestjoersoerienkomst Boontjes.

Dêrmei wurdt it startsein jûn foar de prosedueres om it útdjipjen fan de fargeul De Boontjes te regeljen. It giet om de fargeul tusken Harns en Koarnwertersân. Troch it útdjipjen kinne gruttere skippen lâns Harns makliker Fryslân yn en út komme. It wurk kostet tusken de 3 en 4 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)