28 banen fuort by Mohrmann

It gebou fan Mohrmann op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert
By it Ljouwerter metaalbedriuw Mohrmann ferdwynt hast de helte fan de arbeidsplakken. Fan 'e 63 meiwurkers krije 28 dien. Sy kinne gebrûk meitsje fan in sosjaal plan.
Neffens de fakbûnen hâldt dat net oer, mar is der foar it personiel foarearst net in bettere oplossing. Mohrmann bestiet al 150 jier en makket aluminium kezinen, doarren en gevelkonstruksjes. It bedriuw is koartlyn oernaam troch gevelprodusint Rollecate fan Staphorst.