Burgernet siket om ynbrekker

17 jun 2009 - 09:43

De plysje yn Ljouwert is dwaande mei in ûndersyk nei in wenningynbraak tiisdei yn de Bitgumerstrjitte. Dêrby is in dvd-spiler stellen. In tsjûge hat tiisdeitemiddei de plysje warskôge omdat er in man sjoen hie dy't mooglik de ynbraak dien hie.

Dit wie oanlieding foar de plysje om de 400 minsken dy't meidogge oan boargernet in sms'ke te stjoeren mei it sinjalemint fan 'e mooglike fertochte. De man is oant no ta noch net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)