Pianiste fan 15 nei New York

Valentina Tóth achter de fleugel
De 15 jierrige pianiste Valentina Tóth út Aldsjerk hat tiisdei yn Amsterdam The Netherlands American Trust Fund wûn. De priis bestiet út in optreden yn de Carnegie Hall in New York op 29 oktober.
It is foar Valentina al lang in dream om op dat ferneamde poadium te stean. Earder wûn se ek al de earste priis fan it Prinses Christina Concours yn de leeftiidskategory 12 oant en mei 14 jier.