Ynje-monumint skeind troch lak

16 jun 2009 - 22:35

It Ynje-monumint yn it Ljouwerter Rengerspark is skansearre troch in loslittende beskermlaach. It byld 'De Deadewacht' sjocht der út as oft fandalen der mei oan de gong west ha, mar neffens Jakob Hoogsteen fan de jierlikse Ynje-betinking is it de lak dêr't de skea troch ûntstean is.

Dy is opbrocht by in restauraasje neidat it byld yn 2005 troch fandalen fan de sokkel lutsen wie. De lak moast it byld beskermje, mar lit op plakken los.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)