Ljouwerters nei New York

Ljouwert stjoert in swiere delegaasje nei de fiering fan it 400-jierrich bestean fan New York. Isabelle Diks fan kultuer, Henk Deinum fan ekonomyske saken en boargemaster Ferd Crone sille Ljouwert fertsjintwurdigje by de feestlikheden yn septimber.
De haadstêd lûkt 15.000 euro út foar de besite. Ek Ljouwerter bedriuwen en kultuerynstellings geane mei. Fryslân riedt in grut programma ta om de histoaryske bân mei New York te fieren.