Skoalbern fiele har feiliger

16 jun 2009 - 17:34

Fryske learlingen op it fuortset- en praktykûnderwiis fiele har hieltyd feiliger op skoallen. Dat docht bliken út sifers fan de Feiligensmonitor. Sa'n 16.000 learlingen ha meidien oan it ûndersyk dat foar de tredde kear hâlden is.

De learlingen skriuwe it feiliger gefoel ta oan dat skoallen flinker optrede. Se fine dat regels stranger bewaakt wurde, geweld hurder oanpakt wurdt en dat in soad dien wurdt tsjin it fuortbliuwen fan skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)