Auto's telle op Wâldwei

16 jun 2009 - 16:02

It ferkear op de Wâldwei en tusken Harns en Surch is tiisdei teld. Studinten diene dat yn opdracht fan Rykswettersteat. Mei dizze 24-oers telling wol Rykswettersteat witte hoe drok it op de N31 is.

Fan guon auto's en frachtweinen wurde de kentekens ynsprutsen. Dy bestjoerders krije oer in pear dagen in frageformulier thús. Rykswettersteat wol mei de formulieren ynsjoch krije yn wêr't brûkers fan de N31 weikomme en wêr't se hinneride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)