Oanjefte tsjin lânbouminister

© Omrop Fryslân
De Stichting Zinloosgeweld tegen Dieren hat oanjefte tsjin minister Verburg fan lânbou. Sân hynders binne by ferfier ferwûne rekke. De hynders wiene yn Almelo yn beslach naam fanwegen mooglike mishanneling en nei in opslachhâlder yn Fryslân brocht.
De bisten waarden op lêst fan de rjochter weromjûn oan de eigner. By dat ferfier troch it ministearje gie it mis. De minister hat net reageard op in brief fan de Stichting. Dêrom dogge se no oanjefte.