Ferhuzing SMST giet net troch

SMST bliuwt yn Frjentsjer
De ferhuzing fan metaalbedriuw SMST fan Frjentsjer nei Harns giet net troch. SMST hat moandei it fallite bedriuw Roden Staal yn Drachten oernaam en wol no in part fan de aktiviteiten oerbringe nei de festiging yn Drachten.
Yn augustus foarich jier makke SMST bekend dat it nij bouwe woe yn Harns. SMST makket ûnder oare kranen foar de oaljewinning op see.