Nachtbus Grins-Drachten

Der komt in nachtbus tusken Grins en Drachten
Fan septimber ôf rydt der nachts in bus tusken Grins en Drachten. It ferfier wurdt fersoarge troch OV-Buro Grins-Drinte. De bus rydt sneontenacht nei tolve oere en dan elk oere oant de reguliere tsjinst wer begjint.
Meielkoar ride út Grins nachtbussen op fiif trajekten. De bus is foaral bedoeld foar it stapperspublyk. De ferbining fan Grins nei Assen is in sukses. Der is altyd in befeiliger yn de bus. De rit sil fiif euro kostje.