Menaemer Feintsjes winne NK

16 jun 2009 - 11:10

De Menaemer Feintsjes binne it bêste dweilorkest fan Nederlân. Op it Nederlânsk Kampioenskip yn it Gelderske Bemmel wiene de feintsjes te sterk foar de mear as 100 oare orkesten.

De muzikanten diene foar de twadde kear mei. Se foelen op om't har show in ienheid wie yn klean en muzyk. Se hiene legerklean oan en spilen ûnder oare 'In the navy' fan The Village People.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)